CDA wol romte foar kearnsintrale

06 des 2006 - 17:06

It CDA wol yn it nije Streekplan romte litte foar de bou fan in kearnsintrale yn Fryslân. Dy útspraak is opfallend, want yn it bestjoersakkoart fan de trije koalysjepartijen stiet dat der yn Fryslân gjin romte is foar in kearnsintrale.

De PvdA yn de Steaten is tige fernuvere oer de nije plannen fan it CDA. Want sa hiene de trije partijen it net meiinoar ôfspraat, seit PvdA-Steatelid Henni van Asten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)