Opnij provinsjejild foar rûnwei

© Omrop Fryslân
De provinsje betellet nochris alve en in heal miljoen euro mei oan de oanlis fan de súdlike rûnwei om Frjentsjer. Foar de tariedingskosten joech de provinsje al fjouwer miljoen euro. Yn 2001 wie de earste faze fan it stik dyk klear. Om't der te min jild wie foar in spoartunnel, kaam it projekt stil te lizzen.
Minister Peijs hat yn maart keazen foar in fiadukt en in fytstunnel. Oer in jier moat it wurk út ein sette.