Tytsjerksteradiel helpt by skuld
Tytsjerksteradiel docht mei oan in proef om minsken mei skulden better helpe te kinnen. De proef wurdt dien yn gearwurking mei de Gemeentlike Kredytbank.
In jier lang wurde minsken dy't skulden hawwe op 'e foet folge. Se krije bygelyks tips oer hoe't se jild besparje kinne. Ek nei de tiid krije de persoanen begelieding.