Mear lytse bistjes op eilannen

05 des 2006 - 21:19

Der komme hieltyd mear soarten lytse sûchdieren foar op de Waadeilannen. Dat is de konklúzje fan Zoogdierenvereniging VZZ. Earder dit jier waard op it Amelân bygelyks foar it earst in saneamde hûsspitsmûs fûn. No docht bliken dat deselde soart ek op Teksel omrint.

Om better ynsjoch te krijen yn de nije soarten lytse sûchdieren, ropt de VZZ de eilânbewenners op om nije bistjes by har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)