Gemeente betanket hynsterêders

05 des 2006 - 17:38

Ferwerderadiel noeget freedtejûn alle minsken út dy 't meiholpen hawwe de hynders te rêden dy 't begjin novimber troch seewetter ynsletten rekke wiene op bûtendyks lân.

De froulju dy't mei har eigen hynders de bedrige bisten nei de wâl lokken sille derby wêze, mar ek de boeren, meiwurkers fan plysje, It Fryske Gea, brânwacht, gemeente en wetterskip. De gemeente wol se betankje en de gelegenheid biede nei te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)