Wangedrach by Beareloop bestraft

05 des 2006 - 15:32

Kristijna Loonen mei oant maart takom jier gjin wedstriden mear rinne. Loonen feroarsake in protte alteraasje by de Beareloop op Skylge dit jier troch publyk en frijwilligers út te skellen. Ek goaide se in tafel mei bekers wetter foar rinners om.

Ek by oare eveneminten soarge Loonen foar opskuor. De ynsidinten by de Beareloop wiene foar it atletykbûn KNAU de bekende drip. By de Beareloop is se net wer wolkom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)