Sonac mei de hiele wike draaie

05 des 2006 - 14:07

Wat de provinsje oanbelanget mei destruksjebedriuw Sonac yn Sumar sân dagen yn 'e wike 24 oere deis yn bedriuw wêze. Dat stiet yn 'e tydlike gedooch miljeu-fergunning fan de provinsje. De definitive beskikking leit no op besjen.

De fergunning is nedich om altiten it ôffal fan bisten ferwurkje te kinnen. Boppedat soe Sonac hjoeddedei in stik minder stjonke as foarhinne. De nije fergunning ferfangt de âlde út 1995.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)