Bouwstop oanleunwenten St. Anne

04 des 2006 - 22:03

De bouw fan in nije ferpleechhús foar de alderein en 16 oanleunwenten yn it sintrum fan Sint Anne giet foarearst net troch. De Raad van State hat juster bepaald dat de bouw foarearst stil lein wurde moat. In winkelier oan de Cingel, wêr de nije foarsjenningen komme moatte, hie beswier oantekene.

Hy is benauwd dat hy net langer lade en losse kin neffens de besteande regels. De rjochter hat him no foarearst gelyk jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)