Friezen earmste fan Nederlân

Ynwenners fan Fryslân binne de earmsten fan Nederlân. Dat makke it Sintraal Buro foar de Statistyk maondei bekend. Friezen krije minder lean foar itselde wurk as oare Nederlanners.
De fertsjinsten lizze hast 10% leger as it lanlik trochsneed. It minste fertsjinje se op It Bilt: 15,8% minder. Dêrmei docht dy gemeente it krekt wat minder as Dongeradiel en Kollumerlân mei 15,7% minder.