F16's ûnderskeppe Boeing

© Omrop Fryslân
Twa F16's fan de Ljouwerter fleanbasis moasten sneon yn aksje komme om in Boeing 737 te ûnderskeppen. It passasjierstastel wie ûnderweis fan Poalen nei Ingelân. Om't der gjin radiokontakt ta stân kaam, moasten de F16's derhinne.
Al gau waard lykwols dúdlik dat de piloat fan 'e Boeing in pear knopkes ferkeard ynsteld hie. De F16-fleaners hawwe der doe mar in trainingsflucht fan makke.