Fernielings yn Frjentsjer

03 des 2006 - 15:15

De plysje hat sneontenacht yn Frjentsjer twa jonges oanholden foar fernielings oan auto's. It giet om in 15-jierrige ynwenner fan de gemeente Menameradiel en in 15-jierrige jonge út Frjentsjer sels.

De plysje betrape de jonges doe't se op de Boargemaster Juckemastrjitte en de Thomas de Grootstrjitte de bûtenspegels fan parkearde auto's oan it fernielen wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)