CDA: jild foar earmoedbestriding

© Omrop Fryslân
It CDA yn Fryslân wol alle jierren 1 miljoen euro útjaan foar de bestriding fan stille earmoed. In soad minsken yn Fryslân dy't kwalik rûnkomme kinne, binne net bekend by helpynstânsjes.
Faak om't dizze minsken leaver har eigen saakjes regelje as om help freegje. Soms wite se ek net dat de help der is. It CDA wol júst dizze groep berikke. Mei it jild moat kennis better útwiksele wurde en kinne projekten subsidiearre wurde.