1e dei kasino lûkt 1200 minsken

De earste iepeningsdei foar publyk fan it Holland Casino yn Ljouwert hat sa'n 1200 besikers lutsen. It kasino yn it WTC/Expo wie sneon foar it earst iepen foar de minsken. It Ljouwerter gokpaleis telt 266 automaten en 14 spyltafels.
De organisaasje ferwachtet jierliks sa'n 160.000 besikers te lûken. De lokaasje yn it WTC/Expo is tydlik. Uteinlik wol Holland Casino in plakje yn de Ljouwerter binnenstêd krije.