Flyers winne fan Tilburch

03 des 2006 - 12:07

De Vadeko Flyers fan It Hearrenfean ha sneontejûn in knappe en oertsjûgjende oerwinning helle op koprinner Tilburch. De kâns op it beheljen fan de heale bekerfinales bliuwt lykwols lyts, om't konkurrint Amsterdam ek wûn.

Benammen de line fan Marco Postma mei Casey Bartzen en Andrei Levitin spile sterk. De Flyers bouden de foarsprong út fan 4-2 nei 6-2 en dêrmei wie de wedstriid rûn. Yn de tredde perioade brochten de Flyers de einstân op 8-3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)