Aris docht goede saken

02 des 2006 - 22:47

De basketballers fan Woon Aris hawwe de wichtige wedstryd tsjin ZZ Leiden wûn. Op It Kealledykje yn Ljouwert wûn de ploech fan trainer André Roorda mei 101-94. Benammen yn 'e earste helte wie Aris better. By rêst wie de stân mei 43-33 net soarchlik. It tradisjonele minne kwart fan Aris waard wer it fjirde, mar de oerwinning kaam net yn gefaar.

Aris stiet no dield sechsde mei Rotterdam. Beide hawwe tsien punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)