Kasino Ljouwert iepene

02 des 2006 - 17:18

Fan sneon ôf kin elkenien in gokje weagje yn it nije Holland Casino yn Ljouwert. Kommissaris Ed Nijpels iepene it 12 miljoen euro kostjende gokpaleis freedtejûn offisjeel. Minsken dy't fan spanning hâlde, kinne oanskowe oan fjirtjin spyltafels en 266 gokautomaten.

Yn 'e iepeningswike sille artysten lykas Syb, Piter Wilkens en Maaike Schuurmans optrede yn it nije kasino.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)