Topomset foar Sinteklaas

Der is noch nea safolle oan Sinteklaas útjûn as dit jier. Yn Nederlân is foar goed 760 miljoen euro omset. Dat die bliken op de lêste sneon foar it Sinteklazefeest op 5 desimber.
Der is rûchwei 8 prosint mear ferkocht as oare jierren. V&D yn Ljouwert helle sels 15 prosint mear as ferline jier. Benammen elektroanika docht it goed. Neffens de winkellju hat dat te krijen mei de oanheljende ekonomy.