Pater ûnbleatet namme brêge

02 des 2006 - 16:29

De fuotgongersbrêge op 'e Gerdyk is ferneamd nei pastoar Leo van Ulden. De pater hat him yn de santiger jierren bot ynset foar it behâld fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart troch it sintrum fan De Gordyk.

Pleatslik Belang hat de brêge Pater van Ulden-draai neamd. De pater mocht de namme sneon sels ûntbleatsje. De Kompanjonsfeart troch De Gordyk is in ûnderdiel fan de populêre toeristyske Turfrûte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)