Frou ferwûne by taskestellerij

© Omrop Fryslân
Twa jonges op It Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn besocht in 73-jierrige frou har tas te ûntstellen. Dat barde tsjin achten op De Poelen. De frou hie de tas stiif beet en dêrtroch slagge it de jonges net om him mei te nimmen.
De frou foel wol op de grûn. Se rûn dêrby pine oan de earm en oan de foet op. De oerfallers binne op 'e fyts útnaaid. De plysje siket tsjûgen fan 'e stellerij.