Utstalling oer rêding hynders

02 des 2006 - 13:19

Minsken dy't de rêding fan de hynders op it Noarderleech nochris belibje wolle, kinne terjochte by De Seedykster Toer. Sjoernalist Buruma hat begjin novimber in soad foto's fan de rêding makke en dy binne no te besjen. Neist de foto's binne der ek kranteknipsels en oare herinnerings útstald.

Rekreaasjebedriuw De Seedykster Toer by Marrum wie it senuwsintrum fan de rêdingsaksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)