Niels Overweg frijsprutsen

© Omrop Fryslân
De tuchtkommisje fan de KNVB hat de eks-trainer fan Frjentsjer, Niels Overweg, frijsprutsen nei oanlieding fan it saneamde 'noasynsidint' yn de wedstryd Frjentsjer tsjin Stiens op snein 8 oktober fan dit jier.
De kommisje is ta de útspraak kaam, omdat neffens de kommisje net bewezen is dat Overweg de spiler fan Stiens ek echt yn de noas biten hat. Overweg is yntusken trainer/coach wurden fan de Ljouwerter fuotbalferiening Rood Geel.