Kooistra regisseur Jorwert

Tjerk Kooistra (28) wurdt de nije regisseur fan it iepenloftspul yn Jorwert. Hy is de opfolger fan Romke Toering, dy't fan 't simmer nei mear as tritich jier ôfskie naam.
Kooistra hat in tal jierren meispile by it iepenloftspul fan Jorwert. Hy wie as regisseur ûnder oare aktyf yn Weidum. Syn earste produksje yn Jorwert wurdt it stik 'In dûbele Nelson' dat op 30 augustus yn premjêre giet.