Wjirme-reaktor yn gebrûk naam

01 des 2006 - 17:36

By de wettersuveringsynstallaasje fan Wetterskip Fryslân yn Wolvegea is freedtemiddei in saneamde wjirme-reaktor yn gebrûk naam.

Dizze nije reaktor moat derfoar soargje dat it suveringsproses minder ôffâlslib opsmyt. Op it stuit moat der noch alle dagen 1700 kilogram ôffierd wurde, mar de wjirms moatte der foar soargje dat dat goed 1000 kilogram minder wurdt. De wjirms yn de reaktor ite nammentlik it slib op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)