'Goosetrack' yn gebrûk naam

It guozze-folchsysteem 'Goosetrack' is freedtemiddei offisjeel iepensteld yn Ljouwert. Mei dit systeem kinne minsken nûmers fan guozzen nei in databank sms'e. Dêrnei krije se in oar sms-berjocht werom oer wêr't it bist weikomt.
Doel is om ynsjoch te krijen yn de trek fan de fûgels. Op de webside www.goosetrack.nl is ynformaasje te krijen oer alle 16.000 guozzen dy't registrearre binne.