V.d. Weij & V.d. Vlag op 'e bank

01 des 2006 - 12:57

Cambuur-topskoarer en de man fan de foarsetten René van der Weij sit freed yn 'e útwedstriid tsjin Omniworld op de bank. Trener Roy Wesseling is net tefreden oer Van der Weij. Hy hat te faak balferlies.

Keeper Van der Vlag is nei in lange blessuere wer fit, mar begjint ek op de bank. Wesseling jout foarearst de foarkar oan Ale Geart de Vries, dy't Van der Vlag de lêste wike goed ferfongen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)