Ynteresse foar frouljusdamjen

01 des 2006 - 12:06

De organisaasje fan it Iepen Kampioenskip Frysk Damjen foar froulju is tige tefreden oer it tal dielnimmers dat him opjûn hat. Oant no ta binne dat der 22, wylst de organisaasje besiket 30 froulju nei it evenemint te krijen.

It toernoai yn Lollum wurdt foar it earst organisearre. Der binne al wol hiel lang Fryske damkampioenskippen foar manlju, mar oant no ta noch nea foar froulju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)