Teater De Koornbeurs hast fallyt

Teater de Koornbeurs yn Frjentsjer stiet op de râne fan in fallissemint. It teater hat op koarte termyn 170.000 euro nedich om trochdraaie te kinnen. De gemeente wol net foar alle skulden ynstean en fynt dat it teater sels mear dwaan om jild binnen te heljen.
Ek wol de gemeente de jierlikse subsydzje fan goed trije ton net ferheegje. De ried moat no in beslút nimme oft it teater ekstra jild krijt, of dat de stekker der útgiet.