Mear hierwenten boud yn Fryslân
Der wurde yn Fryslân hieltyd mear hierwenten boud. Oant septimber fan dit jier binne der 1384 nije huzen boud yn de provinsje. 23 persint dêrfan is hierwenten. Yn deselde perioade ferline jier waarden der 1261 wenningen boud, wêrfan 22 persint yn de hiersektor.
Ien en oar docht bliken út sifers fan de provinsje. Goed 17 persint fan de nijbou bestiet út apparteminten. Yn 2005 wie dat noch mar 6,5 persint.