Fragen fan PVV oer Glazen Huis

Steatelid Otto van der Galiën fan de PVV hat woansdei yn de steaten fragen steld oer de mooglike komst fan it Glazen Huis nei Ljouwert. Wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert hat sein dat de gemeente entûsjast oer dat plan is en dat ek de provinsje miskien wol meibetelje moat. Neffens kommissaris Jorritsma hat Deinum dêryn foar syn beurt praat.