Fytsefernielers oanholden

01 des 2006 - 11:07

De plysje hat freedtemoarn yn de Poststrjitte yn Ljouwert in 21-jierrige ynwenner fan Nijeskoat en in 20-jierrige ynwenner fan Ketlik oanholden foar it fernielen fan fytsen.

De fernielings binne registrearre troch de tafersjochkamera's, dy't yn de binnenstêd hingje. Hjirop wie te sjen dat trije fytsen omgoaid waarden. Ien dêrfan is fernield. De twa manlju binne oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)