Iepeningsgala Holland Casino

01 des 2006 - 10:33

It nije Holland Casino yn Ljouwert wurdt freedtejûn offisjeel iepene. It kasino hat tydlik har ûnderkommen socht yn it WTC/Expo, yn ôfwachting fan in oare lokaasje yn de binnenstêd.

Wannear't in definitive lokaasje keazen wurdt yn Ljouwert, is noch net bekend. Der sil oer in healjier besjoen wurde hoe't de besikers- oantallen yn de praktyk útfalle en dan wurdt in beslissing naam. De direksje ferwachtet 160.000 besikers yn it jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)