Subsydzje foar molkfabryk St Nyk

De gemeente Skarsterlân hat fjouwer ton subsydzje krigen fan it ministearje fan Folkshûsfesting, Rûmtlike Oardering en Miljeubehear. It jild is bestimd foar de werûntwikkeling fan it eardere molkfabryk 'De Takomst' yn Sint Nyk.
De subsydzje is takend om it projekt earder realisearje te kinnen. It projekt is opdield yn twa fazen. Faze ien bestiet foaral út wentebou. It jild komt út de pot stedsfernijing.