F16-shirts foar pupillen BlauWyt

01 des 2006 - 09:56

Fuotbalferiening BlauWyt fan Ljouwert is sa grut wurden, dat der yntusken 16 F-teams binne. Dat binne de pupillen fan 6 oant 8 jier. 16 F-teams is oarsom útsprutsen F-16, lykas de strieljagers fan de Ljouwerter fleanbasis.

De klub hat dêrom kontakt socht mei de fleanbasis. Mei as resultaat dat it 16e F-team tongersdei te gast wie op de basis om har nije tenue, kompleet mei F-16's, yn ûntfangst te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)