Keamer foar generaal pardon

01 des 2006 - 06:44

In mearderheid fan de Twadde Keamer hat tongersdeitejûn yn in spoeddebat foar in generaal pardon stimd.

Dat betsjut dat asylsikers dy't foar april 2001 nei Nederlân kaam binne, in ferbliuwsfergunning krije moatte kinne. Yn Fryslân giet it neffens Vluchtelingenwerk dan om 1000 oant 2000 minsken. Dizze minsken meie net mear útsetten wurde. In krappe mearderheid fan 75 stimmen tsjin 74, gie akkoart mei dit foarstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)