Flyers ferlieze nei penalties

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe woansdeitejûn nei penalties ferlern fan de Amsterdam Tigers. Yn'e earste perioade kamen de Flyers twa kear foar, mar Amsterdam kaam werom. Dêrnei naam Amsterdam in 4-2 foarsprong, mar de ploech fan it Hearrenfean bracht de stân wer gelyk. Nei de ferlinging wie de sânde penalty foar Amsterdam de winnende.
De Flyers steane no fyfde mei sân punten út acht wedstriden.