Plysje-akademy komt yn Drachten

29 nov 2006 - 21:33

It opliedingssintrum fan de plysje-akademy yn Noard-Nederlân komt yn Drachten. Ein jannewaris 2007 giet de earst peal de grûn yn.

De nije festiging komt oan de Sportleane en ferfangt de fiif besteande lokaasjes yn Ljouwert. Der is keazen foar Drachten, omdat it plak sintraal leit. De plysje-akademy jout romte oan 350 studinten op MBO-nivo. De earste studinten wurde ferwachte yn augustus 2007.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)