De Friesland oer de grins

© Omrop Fryslân
Soarchfersekerder De Friesland iepenet sneon de earste winkel bûten Fryslân. De winkel komt oan de Herestrjitte yn Grins.
De Friesland hat keazen foar Grins, omdat it bedriuw dêr in grutte groei trochmakke hat. Yn de winkel kinne klanten en ek net klanten antwurd krije op fragen oer fersekeringen. Ek kinne se dêr in sûnenstest dwaan. Oft der ek noch op oare plakken yn it lân winkels iepene wurde is net dúdlik.