Willem Frederik yn Frysk Museum

© Omrop Fryslân
It 17e-ieuske portret fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik fan Nassau-Dietz is fan no ôf te sjen yn it Frysk Museum.
It portret is makke troch hofskilder Pieter Nason en is yn april foar it earst sjen litten by de iepening fan de tentoanstelling Tsjoch. Dêrnei is it skilderij flink opknapt. Oant no ta hie it Frysk Museum allinnich in portret út 1634 fan de doe 21-jierrige Willem Frederik.