Bernedeiferbliuw moat ticht

Opnij binne der problemen mei in bernedeiferbliuw yn Snits. Kids Only oan de Dokter Boumawei moat op 8 desimber ticht. De regels wurde net neilibbe. Mar de eigner seit dat alles wol yn oarder is. Neffens him hat de gemeente flaters makke. It is yn koarte tiid it twadde bernedeiferbliuw mei problemen. De Kindertuyn moat op 1 desimber ticht. De eigners dêrfan ha lykas Kids Only beswier oantekene by de rjochtbank.