Planetarium wreidet út

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer wreidet út. De hjoeddeiske lokaasje wurdt te lyts. It besteande planetarium wurdt ferbûn mei De Tuinkamer, in gebou út de 17e ieu. Dêryn komt in tee- en kofjeskinkerij en in minyplanetarium.
De útwreiding kostet inkelde hûnderttûzenen euro's en moat ein takom jier klear wêze. It âldste noch wurkjende planetarium yn de wrâld lûkt jierliks 35.000 besikers.