Biltse priis foar frou De Jong

© Omrop Fryslân
De Biltse Kultuerpriis giet dit jier nei Froukje de Jong-Krap. De priis is in wurdearring foar har wurk oer Saskia Uylenburg, de frou fan skilder Rembrandt.
Troch it krewearjen fan frou De Jong hat Saskia in soad omtinken krige yn de foarm fan tentoanstellings en lêzings. Fierders hat se ek noch in gedicht skreaun oer Saskia. Frou De Jong is ek warber foar de stichting Ons Bildt en de Biltse Kultuerried.