FSU ûntefreden oer provinsje

29 nov 2006 - 11:51

It Frysk Gearwurkingsferbân foar Utkearingsgerjochtigden (FSU) is net tefreden mei it nije subsydzjebelied fan de provinsje. Deputearre steaten wolle de bydrage ôfbouwe. Maatskiplike organisaasjes moatte mar by gemeenten en fûnsen oanklopje foar jild.

It stipepunt hat dat besocht, mar sûnder resultaat. Gemeenten finansiere al in soad saken op lokaal nivo. Fûnsen wolle allinnich bydragen jaan foar spesifike projekten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)