Jonges pakt foar fernielerij

© Omrop Fryslân
Yn Drachten binne tiisdei twa jonges fan 17 jier oanhâlden foar fernieling. In tsjûge hie sjoen dat se autospegels stikken makke hiene. Nei telling die bliken dat se fyftjin bûtenspegels omklapt hiene. In tal dêrfan wie stikken.
De oppakte jonges bekenden dat noch twa oare jonges meidien hiene oan de fernielerij. Dy moatte noch ferheard wurde. De twa oppakte jonges mochten nei in proses-ferbaal wer nei hûs ta.