Pjutten faker nei de opfang

29 nov 2006 - 06:33

Pjutten soene wol wat faker nei it pjutteboartersplak kinne, mar it mei der net djoerder fan wurde. Dat is ien fan de útkomsten fan in enkête ûnder âlders yn Eaststellingwerf.

Wêr dat koe hat de gemeente al in ekstra deidiel ynlast foar de pjutten. Ek wurdt besjoen oft de âlderbijdrage ynkommensôfhinklik makke wurde kin. Op trije plakken wurdt in nij pjutte- boartersplak boud. Oare plakken moatte opknapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)