Minima kinne langer wurkje

29 nov 2006 - 06:25

Minsken dy't mear as fiif jier in minimaal ynkommen krije fan de sosjale tsjinst yn Ljouwert, wurde net mear finansjeel straft as se ris in dei wurkje. De groep fan sa'n 100 minsken krige 300 oant 500 euro ekstra omdat se al sa lang op it minimum sitte. Dat jild waard ynhâlden by in heale dei wurk.

Ljouwert hâldt no pas it jild yn as minsken trije moanne wurkje. It Ryk hat dêr romte foar jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)