Undersyk E-mailrespons gemeenten

28 nov 2006 - 17:08

De helte fan de Fryske gemeenten beantwurdet de e-mail pas nei in dei. Dat blykt út ûndersyk fan komminikaasjeburo Eigen&Wijze yn Ljouwert. It buro hat alle gemeenten in e-mail stjoerd mei it fersyk antwurd te jaan op twa fragen.

De rapste wie de gemeente Dantumadiel. Dongeradiel die der fjouwer dagen oer en is dêrmei de stadichste. Seis gemeenten reagearren hielendal net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)