Dútske priis foar Fryske kasten

© Omrop Fryslân
Foarmjouwer Jan Pieter de Graaf út Harns krijt yn it Dútske Bremen de Auguste Papendieckpriis foar syn meubels. Dy hjitte Fryske maatkasten. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. Hy bestiet út in tentoanstelling en in katalogus.
It is foar it earst dat in Nederlânske foarmjouwer de priis wint. De útstalling is fan sneon 2 desimber oant en mei 7 jannewaris 2007 yn it Fockemuseum yn Bremen te sjen.