Yildirim net fit, Dingsdag wol

28 nov 2006 - 15:29

Sportklub Hearrenfean spilet woansdei tsjin Vitesse sûnder Ugur Yildirim. De ferwachting is dat hy twa wiken útskeakele is. Yn de wedstriid tsjin Vitesse sil nei alle gedachten Gianni Zuiverloon him ferfange. Michael Dingsdag foel ôfrûne snein ek út, mar hy kin gewoan fuotbalje.

Fermoedlike opstelling: Vandenbussche, Zuiverloon, Dingsdag, Hansson, Breuer, Hanssen, Bradley, Bosvelt, Pranjic, Alves en Nilsson.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)