Cambuur ferliest fan koprinner

© Omrop Fryslân
De beloften fan Cambuur hawwe moandei mei 0-2 ferlern fan koprinner ADO Den Haach. De ploech fan trainer Gerrie Schouwenaar hie lang it inisjatyf, mar kaam net ta skoaren. By ADO stie eks-Cambuur spiler Angelo Martha yn it sintrum fan de ferdigening.
By Cambuur makke Peter van der Vlag syn rentree tusken de peallen. De keeper komt werom fan in blessuere.