Wetterskip wurdt djoerder

Hûsbesitters betelje takom jier mear foar it wetterskip. De ferheging komt trochdat de oanpak fan oevers en kaden yn Fryslân djoerder útfallen is.
Minsken mei in eigen hûs betelje mear oan it Wetterskip as boeren. Neffens it Wetterskip komt dat ûnder oaren om't de kommende jierren mear ynvestearre wurdt yn it baggerjen en ûnderhâld fan wetters yn stêden en doarpen. Op dat mêd wurdt op it boerelân no minder dien.